Aäron Akker wie yn ‘e de Twadde Wrâldoarloch bûtermakker op de suvelfabryk yn Gytsjerk. Fan ûnderdûken woe er nea witte. De earste oarlochsjierren kaam er goed troch, mar úteinlik holden de Dútsers him oan.
Hy wie in Snitser fan oarsprong en hie njonken syn wurksumheden op de suvelfabryk ek noch in tsiiswinkel yn de Slotmakkersstrjitte te Ljouwert.
Fierder wie er in saneamde sjoumer, in tafersjochhâlder by ritueel klearmeitsjen fan iten.
Op tongersdei tweintich augustus 1942 gie it mis, hy kaam op ‘e