WO II Ferhalen: Underdûkers by Piebe en Tet
Underdûkers by Piebe en Tet oan de Singel
Tritich juny 1944
“Hearken, hearken, wa komt dêr oan, moast gau komme Tet.” Piebe stiet foar hûs nei , sa’t it liket, in manspersoan te sjen dy’t yn ‘e fierte oanrinnen komt. Tet komt hastich bûtendoar: “Dat is ek wat, wa rint no moarns om acht ûre troch de lannen.“ Hoe mear de man yn ‘t sicht komt hoe dúdliker te sjen is, dat der mei him wat oan ‘e hân is.
“Wolst it leauwe as net, it koe wrachtich ús Sible wol wêze”, seit Piebe.
En ja it kin net misse, kletstrochwiet, it einekroas yn ‘t hier, op sokken en mei in kofferke yn ‘e hân, dêr komt Sible Douma út Burdaard oanstroffeljen, de sweager fan Piebe. Wylst Tet him binnendoar yn oare klean helpt, docht er syn ferhaal.
It wie al in skoftsje ûnrêstich yn Burdaard. Oan ‘e Iewâl wenne in lânferrieder, dy’t troch de ûndergrûnse deasketten wie. Sadwaande ferwachte men al in setsje de Dútsers. Doe ynienen, op in moarn iere betyd om fyf oere, dêr wiene se: de Dútsers mei harren razzia.
Sible wie efter hûs oer it kampke lân stood en dwers troch in brede sleat hinne batst. En yn ‘e hân in kofferke, wêrt klean yn siet en dat al tiden yn de gong klear stien hie.
Fuortendaliks hie er de klompen útskopt, want hurd rinne mei klompen oan wol fansels net.
Sa wie er yn sân hasten hoasfuotling troch de greiden flein, oer hikken klommen en troch sleatten baggere, mei ien doel foar eagen: nei Piebe en Tet yn Gytsjerk en dêr ûnderdûke.
Dizze leste dei fan juny 1944 wie foar Sible in dei om nea te ferjitten. Hy bleau de fierdere oarlochstiid yn Gytsjerk en makke de befrijing yn Burdaard mei. Dat blykt út it folgjende:
“ Efter it foarrút stie Sible Douma mei de befrijing doe’t der fanôf de fjouwersprong sketten waard. Douma waard derby yn ‘e earm rekke, de kûgel spatte troch de earm hinne yn ‘e souderbalke. Douma hat der gjin bliuwend letsel oan oerhâlden, mar dy earm wie him dêrnei altiten kâld. “
(De Brêge” nr 4 fan 2011, doarpskrante fan Burdaard.)
Yn de Twadde Wrâldoarloch wennen Piebe Straatsma en Tet Straatsma-Wiersma oan ‘e Singel (nr 5) yn Gytsjerk.
Tet Straatsma-Wiersma waard bekend as Frysk berneboekenskriuwster en joech ek Fryske les oan skoallen en by har thús.
Letter, doe't hja as widdo yn Heemstra State wenne, waard se swier reumapasjinte, mar dochs bleau se noch altyd tige warber. Berêstend moast se in soad oan har foarby gean litte.
Har man Piebe Straatsma wie yn’earsten in set fabryksarbeider by de suvelfabryk yn Gytsjerk.
Yn dy tiid wennen se oan de Douweloane yn Oentsjerk en binne dêrnei rillegau ferhuze nei de fabrykshuzen ticht by Piebe’s wurkjouwer. Letter kochten se it pleatske oan ‘e Singel. Hjir waard Piebe bouboer en túnker. Syn túnderij en buorkerij hie er om hûs hinne.
Dit boerespultsje bestie eins út twa wenten, dy’t tsjinelkoar oan boud wiene mei in gloppe dertuskenyn. Nei de oarloch waard it ferboud ta ien inkele went.
Yn ‘e oarloch hiene hja njonken de earder neamde sweager Sible Douma noch in ûnderdûker, de letter fan radio en televysje ferneamde Henk Neumann. Hy kaam fan Ljouwert en wie in Joad. Yn it fjirde oarlochsjier moast er, 18 jier âld, ûnderdûke en dat koe by de Straatsma’s. Tet Straatsma hie al gau yn ‘e rekken dat dizze jongbaas net ûnaardich tekenje koe en doe’t hja it ferhaal “Hy wie betûft “ skreaun hie, tekene Henk Neuman hjirby. Dy gearwurking gie fierder nei de oarloch. Foar it ferhaal “Kekke, Mekke en Mije“ makke hy ek de yllustraasjes.
De yngong fan it ûnderdûkersskûlplak yn it pleatske oan de Singel wie de gloppe tusken de twa wenten. Oan de iene kant wie in kast en oan de oare kant in kammenet. Dêrtuskenyn wie in romte mei in trep nei de heasouder. By ûnrie koene de ûnderdûkers oer dy trep nei boppe. .
Withoefaak wie der ûnrie, wylst der dochs mar in pear kear hússiking west hat.
Der is wol drige mei ynkertiering, mar it plak wie blykber net geskikt genôch. Lykwols ha meardere bewenners oan ‘e Singel wol ûnderdak biede moatten oan Dútse soldaten.
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “ Einekoer “stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com