WO II Ferhalen: In Dútser as ûnderdûker
Auke Visser fan e Singel yn Gytsjerk hie destiids – 1944 - in stik lân yn e Binnemiede dat noch krekt binnendyks lei.
Njonken dat stik lân wie noch in smelle stripe bûtendyks dat winterdeis meastentiids splis stie, it grinze oan ‘e Wielhals, de ferbining tusken de grutte Wielen en de Moark.
Op dat stik bûtendyks hie Eeuwe de Vries, in beropsfisker út ús doarp, in tichtset en op ‘e wetterkant lâns, heal op ‘e wâl hie der syn boat mei opbou te lizzen. Dy houten opbou waard nachts brûkt as sliepplak.
Net fier hjir fanôf rûnen simmers de kij fan Auke Visser gauris bûtendyks. Sa ek yn e simmer fan 1944. It wie op in waarme julydei dat Auke mei it ferhaal thús kaam dat der immen tahold yn ‘e boat fan Eeuwe. En neffens Auke wie it in ûnderdûker. *)
In dei of wat letter kaam de man fan ‘e boat by Auke dy’t yn it lân ûnder in ko siet te melken en frege him oft er ek wat molke krije koe. En salang de kij yn ‘ e Binnemiede runen, kaam de man dernei alle dagen om wat molke. Yn ‘ t earstoan wie dat by it melken fan de lêste ko, mar al rillegau liet er him al sjen foar it melken.
De beide manlju rekken oer allerhanne dingen oan ‘e praat. De manfandeboat mei syn wat Limburchskaksint wie tige hoeden yn syn útspraken oer oarlochssaken en oer wêr ‘t er wei kaam waard mei gjin wurd sprutsen.
Doe’t de hjerst oanbruts ferfarre de boat fan Eeuwe mei de ûnderdûker nei de ein fan de weeshúsopfeart, ek wol de opfeart fan Floris Koning neamd. Hjir by de winetor/mûne oerwintere elk jier de boat en dit waard no ek it nije skûlplak fan de ûnderdûker. De kij fan Auke Visser ferhuzen ek en wol nei it bûthús oan ‘e Singel en sa rekke de manfandeboat út byld. It kontakt wie ophâlden.
Grut wie de ferbazing by Auke Visser, doe’t op in kâlde hjerstige jûn tsjin seizen de “Limburger” it bûthús ynstapte. Mei in praatsje oer it minne waar en de stoarm dy’t komme soe, frege de man oft er dy nacht yn it hea sliepe mocht. De oare deis kaam er mei it fersyk oft it mooglik wie by min en kâld waar op ‘e pleats te bliuwen.
Auke Visser andere dat er ear’t er syn jawurd jaan soe, dan earst witte woe wa’t de man fan ‘e boat wol wie.
Dy jûns fertelde de man syn ferhaal. Hy hjitte Herman Korff, wie kommunist en kaam ut it Ruhrgebiet ( Dútslân). Al foar de oarloch hie er wegere om soldaat te wurden yn it leger fan Hitler en wie doe útnaaid nei it noarden fan Nederlân. Doe’t ús lân oerweldige waard, setten de Dútsers fuortendalijks útein him te sykjen.
Omtrint fjouwer jier wie der al op ‘e flecht foar de Dútsers. Earst yn ‘e stêd Grins en letter yn Ljouwert hie der in skûlplak fûn. Op it stuit dat de Dútsers him hast te pakken hienen, wie der troch kunde fan Eeuwe de Vries by de Wielhals telâne kaam.
Mar, sei er oan de ein fan syn ferhaal: As hja my hjir fine dan krij ik de kûgel en jim ek.
Nei dit iepenhertige ferhaal wisten Auke en syn frou krekt wêr’t hja oan ta wiene. Dy nacht sille trije minsken wol net bot sliept ha. De oare moarns iere betiid krige Herman Korff te hearren dat er bliuwe koe.
Sa hie Herman Korff twa plakken om út ‘e hannen fan de Dútsers te bliuwen.
It is sûnder mis dat Eeuwe de Vries en Auke Visser der hiel wat foar oer hân ha om te soargjen dat dizze bysûndere ûnderdûker de oarloch oerlibje koe.
Nei de oarloch bleau in tankbere Herman Korff fanút Dútslân regelmjittich kontakt hâlden mei ferskate Gytsjerksters. Ut en troch kaam er hjir ek. Fierder miste er gjin jier om Eeuwe mei syn jierdei fia de telefoan te lokwinskjen. Want it hie bliken dien dat Herman like âld wie as Eeuwe en boppedat wiene se beide jierdei op deselde dei.
Yn novimber 1991 is Herman Korff op 81 jierrige leeftyd ferstoarn yn syn berteplak yn it Ruhrgebiet.
*) Fisker Eeuwe de Vries en syn frou Tsjits wisten wa’t yn harren boat wenne
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “ Einekoer “stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com