WO II Ferhalen: Elias Dormits as ûderdûker by Hans Kingma


WO II Ferhalen: Elias Dormits as ûderdûker by Hans Kingma
©:

It is 17 desimber 1942 en ier yn ‘e moarn. Yn it roettsjuster en tsjin in kâlde oastewyn yn fytst  in man yn in lange jas mei in kofferke achterop yn ‘e rjochting fan Lekkum. Hy komt fan Ljouwert en it giet op de Trynwâlden oan. Sa no en dan sjocht er efterom sûnder it paad foar him út it each te ferliezen, want de Canterlânswei is in wei mei nochal wat bochten. It wie in wûnder dat er samar troch de MauerMuur*) by de Bonkebrêge fytse koe, der wie dizze kear gjin lânwachter te sjen. Dizze man is Elias Dormits, de bekende joodse fleishandler fan ‘e Grinzerstrjitwei. Hy is op ‘e  flecht foar de Dútsers dy’t yn Ljouwert op syk binne nei de lêste joaden. Op syn Dútsk hjitte dat: de stêd “judenrein”meitsje.

In oankommende razzia wie foar Elias Dormits it sein om te ferdwinen en op dy bewuste desimberdei set er ôf yn oastlike rjochting. Op syn wenningkaart stie oantekene: nr  V O W, dit betsjutte:  naar Vertrokken Onbekend Waarheen.
Yn Gytsjerk kriget hy ûnderdak by Hans Kingma oan de Rinia fan Nautawei nr 59. 
Dizze Hans Kingma – timmerman en oannimmer - wie fan hûs út ûnfertocht, hie in soad  konneksjes en wie koosjer yn it joadse sirkwy. Ek Elias Dormits hie in protte kontakten en as fleisgrossier en feekeapman kaam er mei gâns wat minsken – û.o. Trynwâldsters -  yn oanrekking. En fia syn netwurk wie hy sûnder mis op ‘e hichte fan Hans Kingm syn betrouberens. 
Nimmen yn it doarp, útsein de fertroude suster Cor Stolk, wie op ‘e hichte fan syn oanwêzigheid. Krekt net noedlik genôch wie it ferhaal fan de frou fan de grienteman. Hja ornearre dat de oerbuorren – de Kingma‘s - wol in soad griente iten, en “wat moat dy suster Stolk altyd by jimme.” 
Elias Dormits hat lykwols mar krekt in jier ûnderdûker west by de fam.Kingma, want op 16 novimber 1943 ferstoar er. Neidat alles goed yn berie naam wie, want formeel bestie er net, is Dormits yn ‘e tún acherhûs fan de famylje Kingman mei help fan suster Cor Stolk begroeven. Nei de oarloch, yn 1946, is er definityf begroeven op it Joadse begraafplak oan 'e Spanjertsleane yn Ljouwert.  

*) Yn ‘e WO II  wiene alle tagongswegen nei Ljouwert troch de Dútsers ynrjochte mei  betonnen tankôfsettings dy’t it ferkear twongen om stapfoets der troch hinne te riden.
De besetter hie kreas twatalige buordjes dêrby setten mei it opskrift MAUER-MUUR. Yn ‘e folksmûle krige dit obstakel al  gau  de namme “MauerMuur.“
As ôfsetting ha se eins noait tsjinst dien, wol as beskutting foar Dútsers en lânwachters dy’t it trochgeande ferkear sa no en dan kontrolearren. Foarbygongers wiene altyd ûnwis fan de al as net oanwêzichigens fan dizze lju.

Colofon

Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “  Einekoer “stien.
Dirk Laverman     dirklaverman@hotmail.com

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)