WO II Ferhalen; Aaron Akker woe net ûnderdûke


WO II Ferhalen; Aaron Akker woe net ûnderdûke
©:

Aäron Akker  wie yn ‘e de Twadde Wrâldoarloch bûtermakker op de suvelfabryk yn Gytsjerk. Fan ûnderdûken woe er nea witte. De earste oarlochsjierren kaam er goed troch, mar úteinlik holden de Dútsers him oan.

Hy wie in Snitser fan oarsprong en hie njonken syn wurksumheden op de suvelfabryk ek noch in tsiiswinkel yn de Slotmakkersstrjitte te Ljouwert.

Fierder wie er in saneamde sjoumer, in tafersjochhâlder by ritueel klearmeitsjen fan iten.

Op tongersdei tweintich augustus 1942 gie it mis, hy kaam op ‘e fyts werom fan syn wurk út Gytsjerk en waard by syn winkel steande holden troch de Dútsers. De oare deis transportearden dy him fanút Ljouwert mei trein nei it trochgongskamp yn Westerbork. 
En dêrwei gie it nei Poalen. Yn Buchenwald is Aaron Akker yn 1945 om it libben kaam.

Colofon

Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “  Einekoer “stien.
Dirk Laverman     dirklaverman@hotmail.com

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)