Suder Spaerlan


Suder Spaerlan
©: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden

It wie yn 1964 hat dizze nijbou de namme Suder Spaerlân krige.

Liket dy namme Suder Spaerlân yn earsten in wat frjemde beneaming, it docht dochs bliken dat it in hiele tapaslike namme is.

It Noardlik -  en it Suder Spaerlân wiene eartiids boulannen,  dy’t oan ‘e noardkant en súdkant fan ‘e Canterlânswei leine.

Oant it ein fan de njoggentjinde ieu  hie  lâneigneresse Geertruida  Rinia van Nauta *) fan moade yn ‘e Trynwâlden  lân op te dielen en dat as stikken boulân te ferhieren oan minsken dy’t sok lân dan brûkten om griente te  ferbouwen. De hier wie in dûbeltsje de roede/tsien meter en de helte dêrfan, in stoer, waard efterút lein. Mei nijjier  kaam dat opsparre jild terjochte by behoeftige lju.

Sa gie it ek yn Gytsjerk en krigen dy twa stikken lân oan ‘e Canterlânswei al rillegau de namme: It Spaerlân.

Nei de oanlis fan it bungalowpark, dat foar in diel op it súdlike stik lân fan ‘e Canterlânswei lei, socht men – en dat gie muoisum - om in tapaslike namme mei in historyske betsjutting.

Spahr van der Hoek, destiids meiwurker fan ‘e Fryske Akademy, skreau doe yn in brief oan riedslid frou Tiemersma  it nije útwreidingsplan  It Suder Spaerlan te neamen. Hjir folget in gedielte út dy brief:

…  sa’t ik begrepen ha, giet it om it kompleks dizze kant/eastlik fan de tsjerke en dêr sjoch ik twa mooglikheden

Twa noch libjende lânnammen soene yn oanmerking komme kinne: a de Alde Jister en b Suder Spaerlân.

De lêste namme  is ek de namme  fan  it perseel dêr t  ik fan leau dat it yn ferbân stiet mei goederjouskens fan in juffer  Trui of sa……….

Op 9 desimber 1964 liet B&W fan ús gemeente oan ‘e ried witte, dat:  Op voorstel van mevr. Tiemersma – Zijlstra wordt aan het gehele complex de naam gegeven van “Suder Spaerlân “.

Sa kaam mei dizze brief in ein oan ‘e diskusje hokker namme it bêste paste by de strjitten fan de nije bungalows yn GytsjerkWest.

*) Geertruida Gerarda Paulina Rinia van Nauta, waard berne yn 1835 te Gytsjerk en ferstoar doe’t hja  60 wie yn Oentsjerk.
Hja wie de sânde dochter- der wiene tolve -  fan  kantonrjochter Cornelius Franciscus Frisius Rinia van Nauta  en  

Wilhelmina Hendrika van Heemstra en stie yn ‘e  Trynwâlden  bekend as “de ongetrouwde juffer Trui die bijstand bood aan mensen in ellende of armoede”.

C.F.F.Rinia van Nauta waard nei syn houlik mei  W.H. Heemstra yn 1830 kantonrjochter yn Burgum en yn dat jier ek  eigner fan de state Poelsicht yn Gytsjerk, wêr’t er mei syn frou him ta wenjen sette.
Nei it ferstjerren fan harren mem yn 1883 lieten de oerbleaune dochters net lang dêrnei de state Poelsicht ôfbrekke.

Tekst Dirk Laverman Gytsjerk 

Samenvatting:

De naam Sûder Spaerlân (1964) blijkt een hele toepasselijke naam te zijn. 
Het Noordelijk -  en het Sûder Spaerlân waren vroeger bouwlanden,  die aan de noordkant en zuidkant van de Canterlandseweg lagen.
Tot het eind van de negentiende eeuw had landeigenaresse Geertruida  Rinia van Nauta  de gewoonte in de Trynwâlden  land op te delen en dat als stukken bouwland te verhuren aan mensen die het land dan gebruikten om groente te verbouwen. De huur was een dubbeltje per roede/tien meter en de helft daarvan, een stuiver, werd gespaard. Met nieuwjaar kwam dat gespaarde geld terecht bij behoeftige mensen.
Zo kregen die twee stukken land aan de Canterlandseweg al snel de naam: Het Spaerlân.

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden © Foto voorblad: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)