Sminiastate ek: It Nije Slotsje, wie in state oan de Van Sminiawei by Aldtsjerk, gemeente Tytsjerksteradiel. It hûs stie op it lân by de ôfslach nei de Klaas Douweswei. Fan de state is neat werom te finen.
De bou waard yn 1857 oanbestede troch jonkhear Arent Johannes van Baerdt van Sminia, eigener/bewenner fan De Klinze, mar hy stjet yn dat selde jier. Syn frou Clara van Coehoorn van Scheltinga komt der dan yn te wenjen. By har ferstjerren giet it oer op har nichtsje Clara van Baerdt van Sminia, dochter fan Hector van Baerdt van Sminia en syn earste frou Catharina