Halligen


Halligen
©: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden

De betsjutting fan de namme Halligen is nei alle gedachten te tankjen oan it feit dat
dizze krite earder noch al wat hichteferskillen hie fanwege it eardere ferfeantsjen. De Halligen foarmen doe in gebiet mei moerassige grûn en heger lizzende stikken. Fermoedlik stienen de leechste stikken eartiids ek wolris ûnder wetter, de hegere dielen bleaunen dan droech en foarmen dan eins lytse eilantsjes. De nammen Hal, Hel en Hol betsjutte neffens it Nammekundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy: hege en lege grûn. Ek de Hollen, in krite eastlik fan Ryptsjerk, soe dy betsjutting hawwe. Neffens it gemeente-argyf waard der yn 1817 in begjin makke mei it ôfslatten fan stikken grûn yn ‘e Halligen. Wierskynlik binne de Halligen yn’ e rin fan de 19e ieu pas yn kultuer brocht, want yn 1853 wurdt dúdlik dat dizze stikken al ferdield binne. De Grutte Halli(n)gen, wie in namme dy‘t brûkt waard foar it grutte gebiet oan ‘e súdeastkant fan de Flokherne en eastlik fan ‘e Nije Strjitwei, de eardere Achterdyk. Dit gebiet hearde fanâlds by Gytsjerk, krektlyk as de hûzen oan ‘e eastkant fan it Flokhernepaad en it stee fan Sytse en Riemke Broos oan de Halligenwei 8. Dit lêstneamde plak waard al foar 1855 bewenne troch in feanbaas. De Lytse Halli(n)gen lizze yn it súdeasten fan Mûnein, tichtby de Halligenwei. Dit gebiet wurdt yn ‘e folksmûle noch altyd de Halligen neamd. De earder dearinnende Halligenwei, dy ‘t doe mar krekt fierder rún as it spul fan Jan en Marike Sikma (Halligenwei 14), waard yn' e jierren fyftich trochlutsen oant de doe krekt oanleine Ottemawei.

Bron: Jan van der  Zwaag

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden © Foto voorblad: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden
Lees meer



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)