Flokhernepaed


Flokhernepaed
©: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden

De namme Flokhernepaed is yn 1951 jûn oan it paad dat troch de Flokherne rûn. Op ‘e kaart fan Eekhof út 1847 stiet dit paad oanjûn mei de namme Hege Dyk (Hooge Dijk). Dit paad krúste de Achterdyk, slút oan op in paad by de eardere Sjoerda State lâns en krúste dernei de Rinia van Nautawei. It paad rûn oan de oare kant as de Griene Dyk (Groene Dijk) fierder nei it westen, oant de Gytsjerkster tsjerke ta. It is wierskynlik in âld tsjerkepaad west. De tsjinwurdige menpaden rinne no gruttendiels oer dizze eardere paden.

Bron: Jan van der Zwaag

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden © Foto voorblad: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)