Earnebuorren
De namme Earnebuorren stiet op âlde kaarten oanjûn foar it gebiet achter de
bosk fan Stania State. Yn 1951 hat it sânpaad troch dit gebiet dizze namme krigen. In ferklearring fan dizze namme ûntbrekt yn it dossier fan ús gemeente. Dy beskriuwing moat dêr wol west hawwe, mar in diel fan' e brief fan Master Sannes, dy ‘t him doe dwaande hâlde mei de nammejouwing, is blykber ferlern gien. Hoe’t Earnebuorren krekt oan syn namme kommen is bliuwt foar my ek in fraach, nei alle gedachten hat it eartiids in lyts buorskipke west fan Oentsjerk. Yn elts gefal hawwe hjir froeger wol mear hûzen stien. As ien hjir mear ynformaasje oer hat, dan graach in reaksje.
Bron: Jan van der Zwaag